Nijs fan it Doarpsbelang Surhuzum

It bestjoer fan Doarpsbelang Surhuzum is wat de funksjes oanbelanget wat feroare. Sita Land-Dotinga is foarsitster wurden, Hilly Holthuis-Rijpma is notulist wurden. André Barwegen bliuwt sekretaris en Cora Groenhof is algemien lid. Wy binne noch dwaande mei it sykjen nei in ponghâlder. It item “lief en leed” is ôfskaft omdat wy eins allinnich út it Tsjerkefinster witte kinne wa’t in jubileum hat; ek dêr stiet net eltsenien yn en boppedat is net eltse doarpsgenoat lid fan de tsjerke. Wol tinke wy om hiel bysûndere saken bygelyks as ien 100 jier wurdt. Ek nije leden krije in presintsje.

Fierder hawwe wy 1 april wer in gearkomste holden. Under oare binne oan ’e oarder kaam de punten út de jiergearkomst.

Wy binne dwaande mei it útsykjen fan wat de kosten wêze kinne foar de oanskaf fan in doarpsflagge.

De kontribúsje sil ferhege wurde fan € 5,00 euro nei € 7,50. Dat sil dit jier yn gean.
It jild kinne we brûke foar bygelyks de doarpsjûn. De doarpsjûn besykje wy ein fan it jier te hâlden en is bedoeld foar de leden fan Doarpsbelang.

Wy krije as Doarpsbelang ek wer jild fan it “leefbaarheidsfonds”, dat is bedoeld foar al de aktiviteiten dy’t ferieningen organiseare foar it doarp of foar in bepaalde groep yn it doarp.

Wy sille de kommende gearkomsten mei de doarpsfyzje oan ‘e gong , ek troch in enkête op te stellen om sa fan de bewenners fan Surhuzum te witten te kommen hoe’t hja oer ien en oar tinke en wat hja wolle.

Oer de Balkespringer is noch gjin nijs te fertellen.

Mear informaasje fan Doarpsbelang yn de folgjende Grutte Gelf.

Doarpsbelang Surhuzum

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia