Nijs fan it Pleatslik Belang

Wolle jo ek witte wêr’t jo ledejild oan útjûn wurdt? Hâld dan 26 maart frij yn jo aginda! Dan stiet nammentlik de jiergearkomste ynpland om 20.00 oere yn it pankoekehûs “Landzicht”. Wy sjogge jo dêr graach ferskinen en binne fansels ek nijsgjirrich nei jo ideeën en fragen.

Jo ha al in skoft gjin nijs fan ús krigen. En dat hat te krijen mei it feit dat we op ’t stuit in minne besetting hawwe. Wy binne noch mar mei fjouwer man sterk. Sûnt ôfrûne petear is ek Hilly Holthuis oanskoot by it Pleatslik Belang. Dit hâldt yn dat wy no mei fiif man sitte, mar wy sykje noch nei in ponghâlder. In man as frou dy’t graach mei sifers omgean mei. De ynhâld fan de funksje betsjut dat jo ûnder oaren soargje dat der elke moanne in oersjoch is. En fansels binne jo dan ek ferantwurdlik foar it beteljen fan de rekkens en it ynnen fan de jierlikse bydrage fan ús leden. Ek algemiene bestjoersleden hite wy wolkom, sadat der ek romte is foar wikseling.

Sa at ik krekt oanjûn ha is it op ’t stuit lestich om ekstra saken op te pakken. Saken wêrfan at ik tink dat se júst wat bydrage kinne oan ús moaie Surhuzum. Bygelyks de jierlikse doarpsjûn. Dat slagget dit jier spitigernôch net! Wy fine dit ôfgryslik skande. We hoopje wol dat dit nei ús ynwenners ek in oprop is om oan te jaan dat we it mei ús allen dwaan moatte. Mei-inoar stean wy sterk!

Bestjoer Pleatslik Belang Plaatselijk Belang

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia