Nijs fan Pleatslik Belang

De earste twa gearkomsten hawwe wy as Pleatslik Belang alwer hân. Op it stuit binne wy drok dwaande mei in mooglike doarpsfisy, hjir oer sille wy meikoarten mear fertelle, dit sil ek oan bod komme tidens de ledegearkomste op moandei 6 april oansteande yn it Pannekoekenhuis Landzicht fanôf 20.00 oere.

Efkes foarstelle:
Myn namme is Ab van der Meer, 26 jier âld en ynmiddels alwer hast 5 jier ynwenner fan it prachtige Surhuzum. Ik wurkje as ferkeapadviseur by de Opel dealer yn Drachten. Yn oktober 2019 haw ik plak naam yn it bestjoer fan Pleatslik Belang en hoopje hjirmei ek wat foar de mienskip fan Surhuzum betekenje te kinnen. 

Kommende simmer sil de hjoeddeistige sekretaris ôfskied nimme fan it bestjoer. Dêrom binne wy dan ek op syk nei in bestjoerslid dy’t him/har ynsette wol as sekretaris. Yn dizze funksje soargest der ûnder oaren foar dat de mailtjes goed beäntwurde en wêr nedich trochstjoert wurde. Ek hâldst dy dwaande mei bygelyks oanfragen fan subsydzjes en oare administrative wurksumheden. Eltse 4 wiken hawwe wy in gearkomst en soargest derfoar dat der in aktuele aginda is.
We soenen it hartstikke moai fine ast ris oanskowe wolst om te sjen at it wat foar dy wêze kin.

Groetnis, Pleatslik Belang

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia