Nijs fan Pleatslik Belang

Sa’t eltsenien sjen kin sit de rekonstruksje fan de Doarpsstrjitte yn de ôfslútende fase. In grut komplimint foar de wurkgroep Doarpsstrjitte dy’t dêr drok mei dwaande west binne!
De blombakken moatte noch oanfolt wurde mei bloeiende planten. De “hangingbasketgroep” sil der foar soargje dat der binnen koarte tiid moaie planten yn dy bakken by komme. Sy sille ek noch sjen oft de Doarpsstrjitte noch mear opfleure wurde kin. Mar dat nimt noch wat tiid.

De doarpsjûn wurdt sa’t it no liket 16 novimber holden yn it Doarpshûs. De groep HympHamp út Rottefalle sil dan in foarstelling fersoargje: “Op portret” is in foarstelling mei ferskes, sketskes en oare nuveraardichheden dy’t troch in ferskaat oan typkes en karakters oer it fuotljocht brocht wurde. 

Dan is “Kearn” dwaande mei it gearstallen fan in list mei alle aktiviteiten yn Achtkarspelen, formeel en ûnformeel. Sa wolle se oersicht krije fan alles wat der te dwaan is. Sy kinne al hiel wat fan Surhuzum.nl helje , mar wa’t dêr net op stiet en dochs graach op dy list komme wol kin dit by Theo van der Veen fan Kearn oanjaan.

Ek binne wy as bestjoer nei ferskillende gearkomsten west. Yn ’t koart folget hjir wat oer.
Natuerlik Ferskaat: der wienen 3 jûnen organiseare oer biodiversiteit yn túnen, greidelân/akkerbou, bermen, wetter ensf. Wy binne nei ien jûn ta west. It wie hiel ynteressant en miskien kinne wy dêr nochris wat mei dwaan yn gearwurking mei feriening Noardlike Fryske Wâlden, om sa mear ferbining tusken bygelyks de boeren en burgers te krijen. It soe ek nijskjirrich wêze om te witten wat de boeren fan Surhuzum al mei biodiversiteit dogge. Ek foar de minsken yn it doarp soe ynformaasje oer biodiversiteit yn eigen tún ynteressant wêze kinne.
Der wie ek noch in gearkomste oer Wenjen yn Achtkarspelen. Sy wolle by de gemeente in nije fyzje op wenjen ûntwikkelje en de ynwenners wurde dêr by belutsen. In ûndersykburo hat dwaande west om saken as fergrizing, it oantal sosjale hierwenningen/keapwenningen, de yn- en út-bewegingen yn de gemeente ensf. yn kaart te bringen. De Pleatslik Belangen fan de ferskillende doarpen koene harren miening dêr oer dúdlik meitsje. Mear nijs hjir oer folget noch.

We geane fan no ôf mear gebrûk meitsjen fan de rubryk dy’t PB hat op 
Surhuzum.nl. Om eltsenien better op de hichte te bringen fan wat wy allegearre by’t ein hawwe, werom at wy bepaalde dingen dogge en foto’s dy’t dêr eventueel by passe. De stikjes “Nijs fan PB” foar de Grutte Gelf steane der ek al op. Mar wy sille besykje wat útgebreider informaasje te jaan op dizze site.

It bestjoer fan PB hat no efkes simmerskoft; wy hawwe begjin septimber wer in gearkomste...
Eltsenien alfêst in moaie fakânsje en simmer tawinske!

Bestjoer Pleatslik Belang Surhuzum

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia