Nijs fan Pleatslik Belang

Corona, alle dagen begjint it nijs dermei. En no ek dit stikje. It liket allegear wat nofliker te wurden gelokkich! Hooplik kinne wy goed op inoar passen bliuwe lykas wy de ôfrûne tiid mei ús allen dien ha.

De jiergearkomste fan Pleatslik Belang is fanwege corona ek net trochgien. Wy ha besletten om it kommend jier te hâlden. 

Fansels wolle wy jo wol op ’e hichte bringe fan de gong fan saken.

De ôfrûne tiid ha wy ús dwaande hâlden mei ferskate saken.

Bistepôle
Sa at wy earder ek wol ris neamt ha nimt de Bistepôle in grutte slok fan ús mienskipsjild yn. Dat wol net sizze dat dit it net wurdich is, mar it moat al opbrocht wurde. Underwilens ha wy by ferskate winkeliers in potsje delsetten en hoopje wy sa wat ekstra jild binnen te heljen. It sil fêst gjin grutte bedragen opleverje, mar it skeelt samar wer in slok op de buorrel. 

N358-Fietstunnel
Sa at it no liket, sille de wurksumheden kommende hjerst plak fine. Op de webside fan Provinsje Fryslân kinne jo sels it lêste nijs werom fine.  

Doarpsfyzje
Ek binne wy noch altyd dwaande mei in doarpsfysje foar Surhuzum. Wy wolle graach witte at hjir genôch draachflak foar is. Troch corona is it wat útstelt, mar wy hoopje nei de fakânsjes mei in enkête te starten.

Balkenspringer
Dan fansels noch de Balkenspringer. Wy besykje al skoften om de Balkenspringer te ferpleatsen nei de tsjerke. Spitigernôch is dit noch net slagge. It bal(ts)kje leit op ’t stuit by de gemeente, wy wachtsje op berjocht oer wat de mooglike kosten wêze sille.

De finânsjes kinne op oanfraach ynsjoen wurde by de ponghâlder.

Groetnis, Pleatslik Belang

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia