Nijs fan Pleatslik Belang

Oprop: wurkgroep wenjen yn Surhuzum 
It is in tema dat it hiele lân beslacht: nijbou. Ferskate organisaasjes, wêrûnder Aedes en Vereniging Eigen Huis, hawwe twa wike lyn in plan presintearre om in ein te meitsjen oan it wenningtekoart. Yn 'e kommende 10 jier moatte der in miljoen huzen bout wurde yn ús lân.

Wa’t it lokale nijs folget, wit dat der ek in driuwend tekoart oan wenningen is yn Achtkarspelen. Ferskate doarpen yn ús gemeente kundigen dit oan fia de parse en ek tidens de Federaasjegearkomst fan pleatslike belangen Achtkarspelen. De behoefte is net yn elk doarp itselde. Surhuzum hoecht gjin 200 huzen derby, mar wy fine dat it yn elts gefal mooglik wêze moat foar Surhústers om in hûs te bouwen. Yn oare doarpen kin it dochs ek? It oantal nije huzen dat der de ôfrûne 15 jier yn Surhuzum by kaam is kin op ien hân teld wurde.

Pleatslik Belang Surhuzum wol in wurkgroep wenjen oprjochtsje. Neist in lid fan ús bestjoer sil in oantal minsken út ús doarp sjen wat it ferlet is en hoe't hjir ynfulling oan jûn wurde kin. Yn earste ynstânsje sil dizze wurkgroep twa jier bestean. Jo hoege net te folle gearkomsten en oare ferplichtingen te ferwachtsjen. Binne jo ynteressearre yn mear ynformaasje oer de wurkgroep of wolle jo jo opjaan foar de wurkgroep? Stjoer dan in mail nei pbsurhuzum@surhuzum.nl as belje ien fan de bestjoersleden (te finen yn de Servicerubriek fan de Grutte Gelf).

Bartemerwei
Oan de Bartemerwei sille yn maart wurksumheden plak fine oan de riolearring. Dit sil sa healwei de moanne wêze. De ferwachting is dat it healwei maaie klear wêze sil. Omwenjenden krije allegear hûs oan hûs berjocht oer de planning.

Tige tank 
André hat him 5 jier ynset foar ús doarp as seined sekretaris. Cora hat by André lâns west om in presintsje te bringen. Sa te sjen is hy der wiis mei, tige tank André!

Groetnis, Pleatslik Belang

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia