Nijs fan Pleatslik Belang

Wy hawwe in mail krigen mei deryn de folgjende oprop:
“De Friese Milieufederatie (FMF) is bezig met het opstellen van een nieuwe Meerjarenvisie 2021-2024. In deze visie staat haar visie en missie en de acties die ze komende jaren gaat ondernemen om Fryslân nog mooier en duurzamer te maken. Wij zoeken mensen die met ons mee willen denken en willen reflecteren op het nieuwe plan.

Wat zoeken wij:

  • Mensen die dit najaar 2x bij elkaar willen komen (digitaal of fysiek) om te reflecteren op de nieuwe Meerjarenvisie.
  • Mensen uit diverse geledingen uit de Friese samenleving: jong, oud, wetenschappers, kunstenaars. Alles kan, zolang ze zich maar betrokken voelen bij Fryslân en passie hebben voor duurzaamheid.
  • Een groep van maximaal 10 mensen. Daarbij geldt: wie het eerst komt wie het eerst maalt.”

Foar wa’t der nocht oan hat: lit it ús witte, dan kinne wy jo fierdere ynformaasje jaan. 

Spitichernôch is “Slimste Doarp fan Fryslân” ôfsein troch de organisaasje. It is net ferantwurde yn ferbân mei korona. 

Ha jo in dream foar yn jo buert? Wolle jo in saneamde pluktún as boartersplak realisearje? Dan kin dat no! Jo kinne jo dan ynskriuwe foar “Kern met Pit”. Sjoch op www.kernmetpit.nl foar mear ynformaasje

Ek at der oare saken spielje binnen it doarp dan wurde wy graach op de hichte stelt. Dit kin bygelyks in stoeptegel wêze dy’t dwars leit, mar ek oerlest fan de buorlju, swierichheden troch korona, it opsetten fan in idee foar ús doarp of sok iets. Lit it ús witte, wy tinke graach mei jo mei!

Mochten jo minsken kinne dy’t graach lid wurde wolle fan Pleatslik Belang dan hearre wy dat fansels graach.

Groetnis, Pleatslik Belang

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia