Surhuzum wol ferlet fan nije wenten yn kaart bringe

Om út te finen wat it ferlet fan hûzen is yn it doarp is, ropt it pleatslik belang yn Surhuzum in wurkgroep wenjen yn it libben. Dy moat it ferlet yn kaart bringe. 

Krekt as yn in soad oare gemeenten is de fraach nei wenromte grut yn de gemeente Achtkarspelen. "It ferlet is net yn elk doarp itselde", seit it bestjoer fan it pleatslik belang. "Surhuzum hoecht gjin twahûndert hûzen derby, mar wy fine dat it yn alle gefallen mooglik wêze moat foar Surhústers om in hûs te bouwen."

Yn de ôfrûne jierren binne der net in soad hûzen bykaam yn Surhuzum. "It tal nije hûzen dat der de ôfrûne fyftjin jier yn Surhuzum by kaam is, kin op ien hân teld wurde", stelt it pleatslik belang.

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia