De brommerfreonen út Surhuzum e.o.
Troch de coronamaatregels fan it regear komt de start fan it nije seizoen fan de brommerfreonen letter op gong dan oare jierren. “Normaal begjinne wy no wer te riden”, fertelt Janet van der Veer út Harkema. It begûn allegearre twa jier lyn, doe’t Janet en har man Folkert nei in ritsje op harren brommers, noch efkes oanstutsen by d’ Ade Boek yn Droegeham. “Dêr rekken wy oan ’e praat mei in pear mannen út Surhuzum. Dy wienen lid fan de brommerploech fan Gerkeskleaster, mar dêr moast it altyd sa hurd mooglik en sa fier mooglik.