Lytse Doarpsjûn

Bêste Surhústers,

Leuk nijs dizze moanne. Foarige kear lieten wy yn de Grutte Gelf al witte dat wy in lytse doarpsjûn organisearje sille. Wy sille op dizze jûn in pubkwis hâlde mei gesellige muzyk derby.

Elkenien is fan herte útnûge op sneon 25 novimber yn doarpshûs de Delfeart. Jo kinne in groep oanmelde fan 4-6 persoanen. We hoopje op in grutte opkomst. Oanmelde kin troch in e-mail te stjoeren nei pbsurhuzum@surhuzum.nl of troch in bestjoerslid fan Pleatslik Belang persoanlik te benaderjen.

Lokaasje: Doarpshûs de Delfeart

Tiid: 20.00 oere (ynrin 19.30 oere)

Sa ’t jo altyd fan ús wend wiene sil de ‘gewoane doarpsjûn’ begjin takom jier wêze. De datum kinne jo alfêst reservearje yn jo aginda: 10 febrewaris 2024.

Freonlike groetnis,
Pleatslik Belang

Datum: 
zaterdag 25 november 2023 - 20.00
Locatie: 
surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia