
Der is wer nijs oer de fuortgong fan it projekt de N358. Sa 't guon fêst al sjoen hawwe sil de provinsje begjinne mei de Skieding yn stee fan de Úterwei. Dit skriuwt de provinsje ek yn har nijsbrief fan desimber 2022.
Wurksumheden
De wurksumheden binne opdield yn Skieding Noard en Skieding Súd. Earst wurdt Skieding Súd oanpakt. It giet dêrby om it part fan de rotonde ôf by de krusing fan de Folgersterloane en de Drachtsterwei oant it carpoolterrein by de oansluting op de A7. Letter begjint de provinsje mei it part fan de krusing oant en mei de rotonde yn Surhústerfean. Dat is Skieding Noard.
Grûnoankeap
Foar Skieding Noard hat de provinsje noch net alle grûn yn besit om de dyk oan te passen. Yn 2023 giet de provinsje dêrom fierder mei de ûnderhannelingen mei de grûneigeners. De provinsje ferwachtet de grûn dy 't nedich is yn it foarjier fan 2023 yn besit te hawwen.
Planning
De tariedingen foar de wurksumheden oan Skieding Zuid binne hast klear. Dat betsjut dat de provinsje yn febrewaris 2022 starte kinne mei de oanbesteging fan it wurk. As dat slagget, dan kin foar de simmer fan 2023 bekend makke wurde hokker oannimmer de wurksumheden útfiere sil. Tsjin dy tiid organisearret de provinsje in ynformaasjegearkomste. Op dy gearkomste ynformearret de oannimmer omwenners foar it stik Skieding Súd oer it útfieren fan it wurk en de planning. Dan kinne der ek fragen steld wurde. Foar Skieding Noard is it noch net sa fier. Dêrom kin de planning foar dizze wurksumheden op dit stuit noch net dield wurde. De provinsje ferwachtet yn 2023 útein te setten mei de tariedingen. Tsjin dy tiid sil men wer ynformearre wurde. Foar mear ynfo geane jo nei: www.fryslan.frl/skieding en www.fryslan.frl/uterwei.
Wilt u onze berichten in het Nederlands lezen? Kopieer dan de tekst die u wilt vertalen, ga naar https://frysker.nl/oersetter en plak de tekst in het vak.