Koperen goate om de tsjerketoer?

 

,,Een koperen goot om de toren van Surhuizum te beschermen tegen vocht? Slecht plan, vindt de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed (RCE)." Dat skreau de Ljouwerter Krante op 1 maart 2022. Pleatslik Belang wist fan neat. Fierder hie de gemeente Achtkarspelen Pleatslik Belang noch net benadere dus is der neifraach dien by de gemeente. No is bekend wurden wêr 't de goate foar tsjinje moat.

Yn petear mei de gemeente
Op 10 maaie 2022 waard dúdlik dat de gemeente plannen hie om in koperen goate oan te bringen om de tsjerketoer. Tafallich wie de ledegearkomste fan Pleatslik Belang ek op dy dei. De koperen goate soarge foar wat fraachtekens by guon doarpsbewenners. Wêr moat de koperen goate foar tsjinje? It opfangen fan it fallende pún, rein of hat it in oar doel? Yn de wiken dy 't folgen hawwe der petearen west mei de belutsen amtners fan Achtkarspelen, doarpsbewenners en doedestiids wethâlder. De gemeente hat doe útlein wêr 't de goate foar tsjinje moat: de ferwachting is dat de goate derfoar soargje sil dat de toer minder wiet wurdt, wat goed wêze sil foar it libbensbehâld.

Mear witte? 
Wolle jo hjir mear oer witte? Pleatslik Belang hat in útgebreid ferslach wêr yn 't de feiten op in rige yn set wurde. Mochten jo ynteressearre wêze yn de details, nim dan kontakt op fia pbsurhuzum@surhuzum.nl of mei ien fan de bestjoersleden.

Wilt u onze berichten in het Nederlands lezen? Kopieer dan de tekst die u wilt vertalen, ga naar https://frysker.nl/oersetter en plak de tekst in het vak.

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia