
Op tiisdei 10 maaie fûn de ledegearkomste fan Pleatslik Belang plak yn Pannenkoekenhuis Landzicht. Nei trije jier koene wy wer in kear byinoar komme. Hoewol ’t wy in wat gruttere opkomst ferwachte hiene, binne wy wiis mei de ynbring dy ’t wy krigen hawwe en dêrfoar wolle wy de oanwêzigen hertlik tankje.
Hjirûnder lêze jo wa 't der dit jier dik fertsjinne yn it sintsje set waard.
It mei sein wurde, se is in sintsje en sa fielt dat foar in protte bewenners ek! Al jierren hâld se har dwaande mei de biblioteek hjir yn’t doarpshûs. Ynbring en útjefte fan boeken, grutte letters, berneboeken, puzels, spultsjes, Fryske boeken en fansels it sosjale praatsje mei elkenien!
Alle tiisdeitemoarns en ien kear yn ’e moanne op tongersdei; se is der en se rêd der mei. Ek op tongersdeimoarns is der gesellige kofjemoarn. Earst in bakje kofje en dêrnei kaarten, rummykub, kreatyf dwaande, puzelje, breidzje of gewoan in praatsje. Alles mag, niets moet! Omdat dit sa goed foldocht ha se no ek mienskiplike stamppotten buffetten hân, mei peaske sels in ‘paasbrunch’ en stiet der noch in ‘macaronischotel’ op ’t programma.
Dit alles ûnder leafdefolle en besieljende lieding fan ús Surhuzumer Sintsje: Janet Elzinga.
Wykagint Hendrik de Haan wie oanwêzich as gastsprekker. Hy fertelde wat oer ynsidinten dy ’t yn Surhuzum spilen en hoe ’t dy har ferhâlde yn ferliking mei oare doarpen. Foar de nijsgjirrige minsken: it koe minder. Surhuzum docht it goed.
Nei 6 jier naam Cora Groenhof ôfskied as bestjoerslid fan Pleatslik Belang. Cora hat har jierrenlang hurd ynset foar it bestjoer. Wy sille har entûsjasme misse. As der ien op ’e hichte wie fan wat der spile yn it doarp dan wie it Cora wol. Sy waard út namme fan Pleatslik Belang betanke foar har ynset. Nochris tige tank Cora!
Wy wolle elkenien betankje foar de komst en it meitinken. Dêrneist wolle wy Pannenkoekenhuis Landzicht betankje foar de treflike service.
Freonlike groetnis,
Pleatslik Belang