Nijs fan Pleatslik Belang

Bêste ynwenners fan Surhuzum (en omkriten),

Stypje de Bistepôle!
Koartlyn hawwe Gerrit en de ûndertekene fan it bestjoer fan Pleatslik Belang lâns west by de “Bistepôle”. De Bistepôle is it hertekamp yn Surhuzum wêr’t net allinich Surhústers, mar ek minsken út omlizzende doarpen in soad komme, om te genietsjen fan de prachtige moaie Bistepôle mei har ferskaat oan bisten dy’t hjir wenje.

Hjir krigen wy in rûnlieding. De bisten wiene earst wat ûnrêstich mei frjemdlingen yn harren wenomjouwing, mar it fertrouwen yn Haaije en Jan makke dat se rêstich bleaunen. Wy mochten nij jong libben fan tichtby bewûnderje, lytse jonge reeën en wallabies. Ek de oare bisten lieten harren op de foto sette.

Boud as lûdsbarriêre, dêrnei in skoft beweide troch skiep, wurdt de Bistepôle no bewenne troch û.o.: reeën, wallabies, nandoes en swannen. De Bistepôle wurdt ûnderhâlden troch de twa frijwilligers en hjir komt wat by sjen! Hjirûnder in greep út it takenpakket dêr’t ús frijwilligers Haaije en Jan op in deistige basis by belutsen binne.

  • It fuorjen fan alle bisten: griente, droech foer en spesjaal foer.
  • Wetterfoarsjenning ûnderhâlde: de lieding nei de wyk iepen hâlde, soargje dat d’r genôch wetter yn’e fiver is, ek foar de fisken en wakken meitsje yn’e winter.
  • Soarchje foar it bistebestân: tink oan ynteelt, te folle bisten yn’e Pôle.
  • Bistedokter ynskeakelje en helpe wêr nedich.
  • It hek ûnderhâlde.
  • Kontakt ûnderhâlde mei de gemeente: beammen snoeie, ensfh.
  • Wolwêzen fan de bisten yn de gaten hâlde: sûnens, gedrach.

Wy binne ús frijwilligers tige tankber foar har belutsenens en leafde foar ús Pôle!

** Us frijwilligers wolle doarpsbewenners mei in grut hert foar bisten graach moetsje. Wolle jo ús frijwilligers helpe en sa no en dan in helpende hân oanbiede? Nim dan kontakt op mei ien fan’e leden fan it PB-bestjoer: pbsurhuzum@surhuzum.nl 

Wolle jo ek genietsjen bliuwe fan ús bysûnder moaie Bistepôle, wêr’t elk fan ús genietsje kin fan ’e bisten en wêr’t pake’s en beppe’s mei de bernsbern de bisten bewûnderje en einen fiede?

Dan soe in finansjele kontribúsje wolkom wêze. Dit kin brûkt wurde om it foer foar de bisten te beteljen en it takom (grut) ûnderhâld.
Jo kinne maklik donearje troch de QR-koade te scannen mei de kamera op jo mobyl (gewoan efkes de kamera op de koade rjochtsje) en dan sels it bedrach fan’e donaasje te kiezen. Of jo kinne de link hjirûnder yn jo webbrowser ynfoegje. Of meitsje in bedrach oer op rek.nr. NL94 RABO 0304 2532 19 fan Pleatslik Belang Surhuzum û.f.f. Bistepôle.
Lit ús allegear genietsje fan ús Bistepôle yn ús prachtige Surhuzum!

Scan de QR-code om te betalen voor donatie Bistepôle
Gebruik de Camera App op je telefoon

(De QR-code is geldig tot 26 juni 2023)

https://betaalverzoek.rabobank.nl/betaalverzoek/?id=5-bqTpNzT42gYG2sbrXrpg

Mei freonlike groetnis,
Cora Groenhof, bestjoerslid Pleatslik Belang #Isupportdepole

Minicamping de Weidewagen
Jo kinne it net mist hawwe. Koartlyn hawwe wy der in camping by krige yn Surhuzum. Op freedtemoarn 11 juny waard de Weidewagen fan Steven en Roelie Tuinstra offisjeel iepene troch wethâlder Max de Haan. Aafke Rijpma hat út namme fan Pleatslik Belang Steven en Roelie in soad súkses tawinske mei dizze prachtige camping. Alles wiist derop dat it in suksesfolle simmer wurde sil!

Begjin july krige Pleatslik Belang in bysûndere mail tastjoerd fan Bindert Helder út Gryptsjerk.

De Balkespringer
Geacht bestuur van het Plaatselijk Belang Surhuzum,

Op deze regenachtige Pinkstermaandagmorgen zo maar even een mailtje uit Grijpskerk. Ik ben Bindert Helder en woon aan de Snip 35. Mijn Pake en Beppe waren Bindert Helder 1880-1933 en Bieuwkje Keizer 1881-1942. Zij woonden in het kleine huisje dat naar voren en naar achteren de hele Rysloane overziet. Vlakbij een mooie Poel en Het Land van Een. Een paradijselijke omgeving vind ik. Mijn Heit is daar opgegroeid en woonde getrouwd met Froukje Bosklopper zijn hele leven in Peebosch, eveneens een prachtig gebied. Mijn hobby’s: info verzamelen over WO II en de voormalige gemeenten Grijpskerk en Grootegast. Een kennis Melle Koopmans ook uit Grijpskerk, nam me een paar jaar geleden op een zaterdagmiddag mee naar de kerken van Augustinusga en Surhuizum. Melle is zéér gespecialiseerd in genealogie en de Friese historie. Voor mij was het bijzonder leuk om te horen en later, via een lange uitgeprinte informatielijst, te lezen dat Cornelis Egberts Gay(c)kema mijn Stampake was. Door allerlei omstandigheden en in het bijzonder door corona is daaraan door mij geen aandacht meer besteed. Een paar keer, wanneer ik met familieleden toch even langs het kunstwerk reed, werd er gevraagd waarom er geen infoplaquette bij stond. Ik moest het antwoord schuldig blijven. Tot mijn verrassing las ik in De Feanster en De Streekkrant dat De Balkenspringer eindelijk thuis was gekomen. Prachtig!! Natuurlijk ben ik een paar keer bij Oerpake gaan kijken, maar vond, als ik tenminste goed gekeken heb, ook hier geen plaquette. Mag ik vragen of daar bewust voor is gekozen? U zult zich vast kunnen voorstellen dat het op mijn leeftijd (87 en gelukkig nog goed gezond) héél leuk is om dit verhaal en meer bijzondere dingen over mijn (verre) voorouders uit de gemeente Achtkarspelen te ontdekken. Misschien hebt u nog meer info voor mij. Alvast heel hartelijk bedankt voor uw reactie.

Informatie over crash B-17 bommenwerper “The Sky Queen” 1943
Er zullen zeker nog mensen zijn die zich die morgen van juli 1943 zullen herinneren. 

Met uw plaatsgenoot Jasper Pool, amateur historicus, heb ik in de loop der jaren zo nu en dan contact gehad. In het bijzonder over de crash van de B-17 bommenwerper The Sky Queen die op 28 juli 1943 bij Kortwoude, aangeschoten, neerstortte. Van de 11 bemanningsleden kwamen er 9 op een vreselijke manier om het leven.  Ik heb jarenlang contact gehad met een van de bemanningsleden en zelfs nu nog met de familie. Ik heb ook heel veel info over de crash. Voordat de B-17 neerstortte dropte Adams (de man die ik dus kende) de 10 bommen, die in Surhuizum op en bij Het Langpaed terecht kwamen. Echter in een rapport wordt exact aangegeven waar de NEGEN bommen zijn  neergekomen. Bij een bezoek van Adams en zijn vrouw aan ons in Grijpskerk heb ik daarover uitgebreid met Adams gepraat. Het is uitgesloten dat er maar negen zijn gevallen. Adams laadde ze zelf mee in en liet ze ook vallen. Twee bommen vallen nooit in hetzelfde gat; dus zal er daar nog een blindganger moeten liggen, tenzij die later door de explosieven opruimingsdienst is weggehaald. Daarover heb echter nooit iets gehoord. Kunt u mij vertellen of dat gebeurd is of dat er onderzoek naar is gedaan?

Ik moet er nog even bij vermelden dat ik voor alle zekerheid een mail naar de EOD (explosieven opruimingsdienst) heb gestuurd of zij er meer van weten.

Met vriendelijke groet,
Bindert Helder

De hear Helder is yntusken ynformeare dat de plaquette fan’e Balkespringer op’e efterkant fan it keunstwurk stiet. As jo no mear witte oer de crash fan The Sky Queen as oer de Balkespringer, stjoer dan in e-mail nei pbsurhuzum@surhuzum.nl of fansels nei bhelder@home.nl. De hear Helder dielde foar ynformaasje noch in list mei de nammen fan’e eigners fan’e lannen dêr’t de bommen foelen. Op fersyk kinne wy dizze hjirûnder mei jo diele.

Open Tuinentour 24 juli
Steeds meer dorpen willen eten uit eigen omgeving en zelf duurzame groentes telen. Dat kan in een dorpstuin, op een tuinderij gericht op de lokale gemeenschap of met een Buurtmarkt. Op 24 juli laten dorpen die samenwerken met de Voedselwerkplaats (onderdeel van Doarpswurk) graag zien hoe zij dat doen. Op tuinen en bij Buurtmarkten rondom in Friesland, zijn bezoekers welkom die ook iets met lokale voeding willen voor een rondleiding en voor inspiratie.
Het is hartje zomer en dat is hét moment om een kijkje te nemen bij dorpstuinen en tuinderijbedrijven. Benieuwd hoe dat werkt in een CSA-tuinderij (Community Supported Agriculture) waarbij een tuinder teelt voor de lokale gemeenschap? Hoe dat er uit ziet op een dorpstuin? Hoe een groep mensen in een dorp samen een tuin onderhoudt? 

Op deze zaterdag bieden Friese tuinders en tuincollectieven een rondleiding aan voor dorpstuinders, aspirant-tuiniers en andere belangstellenden. Met kennis over duurzame teeltmethoden, inspiratie voor voedselgemeenschappen en heel veel verschillende organisatievormen hebben de tuinders veel deskundigheid in de aanbieding voor iedereen die iets met lokaal voedsel wil. Ook zijn twee Buurtmarkten (voedselcoöperaties) te bezoeken. 

Belangstellenden zijn op 24 juli om 9.30u, 11.00u en 12.30u welkom bij onderstaande dorpstuinen, tuinderijbedrijven en Buurtmarkten.
Vul in op www.devoedselwerkplaats.nl welke tuin je op welk tijdstip wilt bezoeken, dan geven wij je komst door.
Adresgegevens volgen daarna, alleen toegang na aanmelding.

Deelnemende locaties:

  • Ús Hôf/Ús Iten, Sibrandabuorren
  • De Goede Verwachting, Heeg
  • It Griene Libben, Noardburgum
  • Yn ‘e Sinne Farm, Jirnsum
  • De Griene Poarte, Warns
  • Eco-erf Bolsward, Bolsward 

Aanmelden via de website van de Voedselwerkplaats

We hopen u te zien op één van de tuinen op zaterdag 24 juli!

Groeten,
Bregje Hamelynck, Freya Zandstra en Dorine van den Beukel
De voedselwerkplaats

Nije foarsitter Pleatslik Belang
Koartlyn haw ik, Klaas Pool, de rol fan foarsitter oernommen fan Sita Land-Dotinga. Mocht der wat wêze, nim dan kontakt mei ús op fia pbsurhuzum@
surhuzum.nl 

Freonlike groet,
Pleatslik Belang Surhuzum

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia