Nijs fan Pleatslik Belang

Bêste Surhústers, 

Útnoeging ledegearkomste / Uitnodiging ledenvergadering
It mei wer: byinoar komme. Pleatslik Belang organisearret tiisdei 10 maaie har (gewoanlik) jierlikse ledegearkomste, mei as sprekker wykagint Hindrik de Haan. De ynrin is om 19.30 oere en we begjinne om 20.00 oere.

Datum: 10 maaie 2022
Tiid: 20.00 oere (ynrin fanôf 19.30 oere)
Lokaasje: Pannekoekhûs Landzicht, It Sûd 13 Surhuzum

Glêsfezel
Dizze kear noch in kear koart oandacht foar de komst fan glêsfezel. Jo hawwe de lêste wiken fêst al it nedige lêzen oer glêsfezel. Guon sille harren miskien ôffreegje wêrom Pleatslik Belang him hjir sa aktyf mei dwaande hâldt. Dat komt omdat Pleatslik Belang in bedrach ûntfangt foar elke ynwenner fan Surhuzum dy’t him fia de link oanmeldt. Pleatslik Belang is net fan doel om dit jild op te potten. Wy wolle it jild graach yn gearwurking mei in feriening besteegje oan in goed doel, sadat it de leefberens yn ús doarp ta goede komt.

Alles oer de komst fan glêsfezel is te finen fia www.surhuzum.nl/glasvezel. Yn it koart:
Surhuzum kriget glêsfezel as 25% fan it doarp oanjout ynteressearre te wêzen
Oanmelde fia de link (keuze tusken DELTA Fiber/Caiway) betsjut:
€ 25,- foar jo sels
€ 50,- foar Pleatslik Belang
Net oanmelde fia de links op side www.surhuzum.nl/glasvezel betsjut dat jo sels en Pleatslik Belang gjin bedrach ûntfange sille.

Glasvezel (Nederlands)
Alles over de komst van glasvezel in Surhuizum is te vinden via www.surhuzum.nl/glasvezel. In het kort:
Surhuizum krijgt glasvezel als 25% van het dorp aangeeft geïnteresseerd te zijn
Aanmelden via de link ( DELTA Fiber/Caiway) betekent:
€ 25,- voor uzelf
€ 50,- voor Plaatselijk Belang
Niet aanmelden via de links op de pagina www.surhuzum.nl/glasvezel betekent dat u zelf en Plaatselijk Belang geen bedrag ontvangen.

It Langpaed 
De ôfrûne tiid binne ek by ús in soad klachten binnenkaam oer de situaasje op It Langpaed. Wy binne hjiroer yn kontakt west mei de gemeente. Troch omstannichheden sa as min waar hat men wat fertraging oprûn. Folgjende kear sil de gemeente better rekken hâlde mei de situaasje troch buorden oan beide kanten fan it paad del te setten. Wat ek fêst holpen hat is alle meldingen dy by de gemeente binnenkaam binne fia de webside www.fixi.nl. 

Enkête Surhuzum
Tidens it stimmen op 16 maart hawwe in soad fan jimme al by ús yn de bibliotheek west. Wy hawwe dy dei fan de gelegenheid gebrûk makke troch in enkête ôf te nimmen ûnder minsken út it doarp. Wat foar ûnderwerpen fynt men wichtich? Wat giet goed en wat kin better? De bedoeling is dat dit ferwurke wurdt yn in doarpsfyzje. In doarpsfyzje jout minsken út Surhuzum in better byld fan wat der libbet, mar kin ek brûkt wurde om oan de gemeente of de provinsje sjen te litten wat it doarp wichtich fynt. Der binne rom 120 minsken by ús west om de enkête yn te foljen. Dankewol!

Foar it gefal dat jo ús mist hawwe: wy binne ek fan plan om de enkête online te pleatsen. Wurdt ferfolge.

Freonlike groetnis,
Pleatslik Belang

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia