
Namme foar de fytstunnel
Sa’t jimme witte meie jimme as ynwenners fan Surhuizum sels in namme betinke foar de nije fytstunnel by de Uterwei. We ha al in moai oantal nammen ynstjoerd krigen. Tank dêrfoar!
Hawwe jo jo idee noch net ynstjoerd? Dat kin noch hieltyd. Stjoer jo foarstel nei pbsurhuzum@surhuzum.nl, mei fermelding fan jo namme én adres-gegevens.
Troch Pleatslik Belang wurdt der in jury gearstald dy’t alle ynstjoeringen beoardielet en in kar makket foar de definitive namme. Dêrnei meitsje wy de winnende namme bekend.
Utnoeging Doarpsjûn
Op freed 20 febrewaris organisearret Pleatslik Belang wer in Doarpsjûn. Dizze kear komt Toanielselskip Nij Begjin út Nyegea nei doarpshûs De Delfeart. Se spylje in hiel moai stik. Kom lâns en sjoch it mei eigen eagen!
Jo binne fan herte útnoege; de tagong is fergees. Fol = fol, dus kom op ’e tiid. De ynrin is om 19.30 oere, en wy begjinne om 20.00 oere yn doarpshûs De Delfeart.
Bestjoer Pleatslik Belang