Nijs fan Pleatslik Belang

Bêste minsken, it is alwer in skoftke lyn dat jim fan ús hearden. De winter is hast foarby en de dagen wurde wer langer. Wy sjogge út nei in moaie tiid mei leuke eveneminten. Geane jo as feriening in evenemint organisearje wêrby 't it hiele doarp wolkom is? Nim in kear kontakt mei ús op en miskien kinne wy wat foar elkoar betsjutte.

Ledegearkomste 8 april 2024
Dizze kear wolle wy as earste graach stilstean by de jierlikse ledegearkomste dêr't wy alle leden fan Pleastlik Belang graach fan herte útnûgje. De folgjende ledegearkomste sil wêze op moandei 8 april 2024 om 20.00 oere yn pankoekehûs Landzicht. De ledegearkomste is in moai momint om mei doarpsgenoaten te dielen dêr't wy mei dwaande binne en fragen dêroer te beäntwurdzjen. Ek is dit in moai momint foar doarpsbewenners om mei ideeën te kommen. Wês dus fan herte wolkom.

Doarpsjûn 
Op 11 febrewaris wie it wer tiid foar in doarpsjûn mei toaniel. Toanielgroep Nij Begjin út Koatstertille kaam del mei harren foarstelling: “Help! Skoanmem komt útfanhûs!” Wy sjogge werom op in hiele slagge jûn mei in hiele grutte opkomst. Dizze kear hienen wy foar it earst net allinne in útnûging yn de Grutte Gelf set, mar is der hûs oan hûs in útnûging by elkenien yn it doarp telâne kaam. Doarpshûs de Delfeart barste hast útinoar fan de minsken wêrtroch 't guon minsken sels op de bar sitte moasten. Tige tank oan elkenien foar it kommen. It wie in grut súkses!

Oranjeferiening 
Lykas bekend is de Oranjeferiening yn Surhuzum sûnt in pear jier net mear aktyf. Wy fine dit spitich, want Keningsdei dêr heart in feestje by. De Oranjeferiening wie altyd in moaie oanfolling foar jong en âld op Keningsdei. Guon minsken wolle wol graach frijwilligerswurk dwaan, mar leaver net te folle gearkomsten. By de Oranjeferiening is dat net nedich. It is wol frijwilligerswurk, mar dan wat leechdrompeliger. De eardere Oranjeferiening hat by it ophâlden in potsje mei jild oerhandige oan Pleatslik Belang dus der lyts startkapitaaltsje beskikber. Liket it jo moai om mei Keningsdei wat te organisearjen? Kom in kear del by ús op de bestjoersgearkomste of nim kontakt mei ús op fia pbsurhuzum@surhuzum.nl

Freonlike groetnis,
Bestjoer Pleatslik Belang

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia