Nijs fan Pleatslik Belang
Piersma 100 jier
100 jier kafee/kafetaria/pankoekhûs Piersma dizze moanne. Aldert Tjibbe syn pake kocht it yn 1922 en siet der yn oant 1962. Willem en Anneke namen it oer foar de 37 jier dy 't folgen. Fan 1989 oant no hawwe Aldert Tjibbe en Marianne yn it pân sitten. En dan waard it pân mei boujier 1872 dizze moanne ek nochris 150 jier. Hiel bysûnder dus. In hoarekapân dat 100 jier yn de famylje is sjogge we net faak mear. Pleatslik Belang lokwinsket de famylje Piersma fan herte en we hoopje dat we noch lang fan se genietsje kinne.